De rykdom fan it ferline

Specificaties
E-book, 257 blz. Epub met watermerkbeveiliging | Nederlands
Elikser B.V. Uitgeverij | e druk, 2019
ISBN13: 9789463652018
Rubricering
Hoofdrubriek : Wetenschap en techniek
Elikser B.V. Uitgeverij Epub met watermerkbeveiliging e druk, 2019 9789463652018
8,50

Samenvatting

Yn De rykdom fan it ferline fertelt Reinder Politiek oer it boerelibben yn syn bertedoarp Kimswert yn de tiid dat hy jong wie. Hoe't hy, lykas syn heit, boer wurden is, krekt as syn pake en oerpake. Der feroaren yn dy tiid net in protte dingen. Alles stie fêst en gie sa as it al jierren lang gien wie. Alles moast mei de hân dien wurde, en mei help fan hynders. It wie soms dreech om de fruchten út de grûn en op 'e tiid ûnderdak te krijen, sadat der yn 'e winter genôch te iten wie foar minsk en bist, en men der ek noch in sintsje fan oerhâlde koe foar de âlde dei.
It ferskil mei hoe't it der hjoed-de-dei om en ta giet, is enoarm. Masines hawwe it wurk fan minsken en hynders oernommen, earmoede bestiet hast net mear, en benammen de ferhâlding tusken boer en wurknimmer is gâns oars wurden. In boer wie doe noch hearsker op eigen hiem en in arbeider wie yn syn eagen gauris neat wurdich.
Feroaringen ten goede, soe men sizze, mar der is ek in bulte ferdwûn, wêr't de minsken no neat mear fan witte. Yn De rykdom fan it ferline komt in skala fan ûnderwerpen oan 'e oarder dy't it âlde boerelibben wer stal jouwe foar de minsken fan no. Yn geef Frysk en soms mei wurden dy't komselden mear brûkt wurde, sketst Politiek it rike boerelibben fan syn jeugd.

Reinder Politiek hat mei nocht fyftich jier boer west. Neist it boerewurk hat er altyd ynteresse hân foar skiednis, benammen de skiednis fan syn doarp Kimswert.
Al mear as 25 jier skriuwt hy ferhalen yn 'e doarpskrante, meast oer it ferline. Hy hat ferskillende boekjes útjûn oer it doarpslibben, û.o. in boekje mei âlde doarpsfoto's en in boek oer de Laurentiustsjerke fan Kimswert. Hy hat ferskate ekskursies laat rûnom en troch dizze fraaie âlde tsjerke. Politiek is in rasferteller en dat komt prachtich ta utering yn dit boek.

Specificaties

ISBN13:9789463652018
Taal:Nederlands
Bindwijze:e-book
Beveiliging:watermerk
Bestandsformaat:epub
Aantal pagina's:257
Verschijningsdatum:30-12-2019

Rubrieken

Populaire producten

    Personen

      Trefwoorden

        De rykdom fan it ferline